Marrit

July 2016. Foar de tredde kear in kreamwike mei steun fan dieuwke. In grutte steun; tidens de befalling daadkrachtig en restich. Ek tidens de kreamwike binne dat eigenskippen dy dieuwke mei sich mei nimt. Daadkrachtig as it moat, bv bliuwt besite te lang hingjen dan hat dieuwke dat fuort yn de gaten en wit se dat goed te begrinzen. De rest dy se mei nimt soarchet dat elts de romte krijt om te wennen oan it nije broerke of suske. Oan it einde fan de wike soe ik net witte hoe we it hjir sunder dieuwke rede moatte. Heit is alwer oant wurk, de aldste moat hinne en wer nei skoalle, it hushalden moat gebeure etc etc.. Mar toch, oan it einde fan de wike wit dieuwke mij it fertrouwen te jaan dat it my wol lukke sil. En dat is ek sa docht bliken. En dat is tink ik de grutste kracht, dieuwke lustert, jout adviezen, mar lit my self de keuzes meitsje. Dertroch doar ik op mysels fertrouen, sawol tidens as nei de kreamwike.


Geplaatst: 11 maart 2017
« terug