Toen ik foar it earst in positieve swangerskipstest yn hannen hie, wist ik fuort dat ik graach Dieuwke der by ha woe. Ik fyn it dêrom ekstra speciaal dat se by de berte fan ús beide dochters oanwêzich wie.
De earste kear yn maaie 2019 waard myn bevalling medisch en kaam Dieuwke nei it sikenhûs om ús it lêste stikje te begelieden. Se hat my ek fuort helpe kinnen om in goeie start mei de borstvoeding te meitsjen. It wie enorm weardefol dat se der by wie en it hat my holpen om yn de kraamwike te praten oer de befalling en de erfarings te dielen.
Yn juny/july 2021 hat Dieuwke foar de twadde kear by ús de kraamwike dien. Ik mocht myn dreambefalling thús yn bad erfare. Ek dizze kear wie Dieuwke der by, en dat fielde hiel bysûnder en fertroud.
Yn de kraamwike kaam ús niks te koart. Dieuwke soarge oeral foar, en dat wie in hearlik gefoel. Beide kearen koe ik hielendal ta rêst komme en wenne oan it nije libben yn ús gesin. It wie sa relaxed en gesellich dat se der wie, foaral de twadde kear fielde as in bonuswike foar my. Dat ús hûs noch noait sa skjin wie, is moai meinommen. En natuurlijk de traktaaasje mei in hearlik fruithapke nei it rêstmomint. Sa oan it ein fan de dei, koe ik der wer tsjin oan.
Beide kraamwiken hat Dieuwke ús it fertrouen jûn dat wy it âlderskip oan koenen. Wat Dieuwke ús leart hat, de tips en adfizen nimme we tot oan de dei fan hjoed mei ús mei. Wat fûn ik it hearlik dat Dieuwke der wie yn die earste bysûndere wiken fan ús famkes. Wy sille dizze tiid noait ferjitte. Bedankt Dieuwke!
Leafs Jitske